Dokkumer wyk Fonteinslanden offisjeel oplevere

18 sep 2015 - 14:32
  • Plaknammeboerd Dokkum

De werynrjochting fan de wyk Fonteinslanden yn Dokkum is klear. Freedtemoarn waard de wyk offisjeel oplevere. De fontein, dy't eartiids in wichtich plak hie yn de wyk, waard dêrby yn eare hersteld.

De gemeente Dongeradiel hat tegearre mei Thús Wonen sa'n fiif jier dwaande west mei de opknapbeurt. Sa binne der ûnder oaren nije apparteminten boud en binne wenningen fan binnen en bûten opknapt. Ek is de ferkearssituaasje feiliger makke. De earste oanlieding foar de wykrenovaasje wie wetteroerlêst dêr't de wyk mei te krijen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)