Dokkumer wapenhanneler net ferfolge foar sjippe

02 jul 2015 - 17:47
  • De advertinsje op  Marktplaats

De Dokkumer sammeler Teake Visser wurdt net ferfolge troch it Iepenbier Ministearje foar it oanbieden fan twa stikken sjippe op Marktplaats. Neffens it Iepenbier Ministearje hat Visser gjin strafber feit dien.

Ut de tekst fan de advertinsje soe op te meitsjen wêze dat it om sjippe giet dêr't yn de Twadde Wrâldoarloch resten fan Joadske minsken yn ferwurke binne. Dêrfoar is oanjefte dien en is in ûndersyk fan start gien by it Nederlânsk Forinsysk Ynstitút. Dy komt ta de konklúzje dat de fetten yn de sjippe gjin minsklik fet binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)