Dokkumer út de tiid nei traap yn gesicht

11 jan 2015 - 11:54

In 21-jierrige Dokkumer hat sneontenacht sa'n traap krigen dat er yn it sikehûs bedarre is. De man wie op stap yn it sintrum fan Dokkum doe't in 20-jierrige út in lyts doarpke yn Ljouwerteradiel him yn it gesicht skopte. De Dokkumer rekke dêrtroch út de tiid. In ambulânse hat him nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Plysjes hawwe de fertochte oanhâlden. Wêrom't er it slachtoffer skopte, is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)