Dokkumer slacht om him hinne

25 apr 2013 - 14:23

In man fan 59 út Dokkum is tongersdeitemoarn oanhâlden omdat er in brânwachtman en in skoalbern slein hie. De man kaam by de sporthal oan de Woudwei om syn beklach te dwaan oer lûdsoerlêst. De brânwacht wie der doe ek krekt, fanwege in automatyske brânmelding.

De man makke him nochal drok en sloech ien fan de skoalbern. Doe't in brânwachtman dêr wat fan sei, krige dy ek in klap. De Dokkumer is doe oanhâlden en meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)