Dokkumer rydt op man yn

22 aug 2012 - 10:37

In Dokkumer (18) is tiisdeitejûn oanhâlden nei't er mei syn auto op in man ynriden wie. It slachtoffer krige op de Hantumerwei rúzje mei in groep manlju. Hy krige ferskate klappen en naaide út. De Dokkumer stapte yn de auto en ried op de man yn. Hy miste him krekt. Doe't de plysje de Dokkumer oanhâlde woe, reagearde hy agressyf en misledige de plysje. De man sit fêst foar in besykjen ta deaslach, syn auto en rydbewiis binne yn beslach naam. De plysje slút oare oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)