Dokkumer parkearplak moat wike foar keunstwurk

18 sep 2015 - 00:30
  • It ûntwerp foar de fontein yn it sintrum fan Dokkum
  • Ynwenners wienen útnoege by de ûntbleating fan it ûntwerp
  • Sa moat de Markt yn Dokkum der útsjen yn 2018

It grutte parkearplak op de Markt yn Dokkum moat wike foar in grut keunstwurk. Dat makket diel út fan de earste plannen foar in grutte fontein op de Markt. In iisskos mei dêr om hinne 52 beammen en sinnekollektoaren dy't soargje moatte foar de enerzjyfoarsjenning sille it plein folje.

Ynwenners fan de gemeente Dongeradiel wienen tongersdeitejûn útnoege yn de Sint Martinustsjerke om te diskusjearjen oer it nije keunstwurk. De fontein is de twadde yn de searje Eleven Fountains, ien fan de projekten fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Keunstner Birthe Leemeijer wol mei it earste ûntwerp fan de fontein de ûnderwerpen Bonifatius, klimaatferoaring en de Alvestêdetocht byelkoar bringe. Earder presintearde de Spaanske keunster Jaume Plensa syn ûntwerp fan in jonges- en in famkesholle fan sân meter heech dy't mekoar oansjogge. Dy fontein komt by it nije stasjonsgebiet yn Ljouwert. Yn alle alve Fryske stêden komt úteinlik in fontein te stean, makke troch ferneamde keunstners.

It ien en oar is noch net definityf, ynwenners fan de gemeente Dongeradiel koenen harren miening jaan oer de plannen, de gemeente Dongeradiel moat noch beslisse oer de fontein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)