Dokkumer oppakt foar bedriging mei in mes

30 nov 2014 - 11:45
  • Plaknammeboerd Dokkum

In 24-jierrige Dokkumer is sneontenacht oanhâlden yn syn wenplak. Hy soe twa manlju fan 21 en 27 jier út in doarp yn de gemeente Dongeradiel bedrige hawwe mei in mes. De man wie dêrnei in kafee yn gien op de Oranjewâl. Mei help fan de portier is de fertochte dêr oanhâlden en ynsletten.

Beide slachtoffers hawwe oanjefte dien fan de bedriging. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)