Dokkumer mooglik ek ferkrêfter

07 okt 2010 - 09:56

De 24-jierrige Dokkumer dy't fêstsit foar de moard op Suzanne Monsma, wurdt ek fertocht fan ferkrêfting fan it slachtoffer. Dat is tongersdei bekend wurden by de pro forma sitting. De fertochte hat tajûn dat er Suzanne Monsma mei in swiere hammer slein hat. yn it Tolhúspark dêr't Suzanne yn juny fûn waard. Hy ûntkent de ferkrêfting

De saak wurdt yn in letter stadium behannele. Tongersdei is advisearre om de fertochte te ûndersykjen yn it Pieter Baan Centrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)