Dokkumer miljonêr fallyt

27 mrt 2012 - 21:37
  • TDF Berltsum

De Dokkumer ûndernimmer Wim Beintema is tiisdei fallyt ferklearre troch de Ljouwerter rjochtbank. Beintema wûn 4 jier lyn yn it Holland Casino in bedrach fan 2,2 miljoen euro. Begjin dit jier naam hy diskoteek Quatrebras yn Noardburgum oer. Ferskate skuldeaskers ha noch in bedrach fan tusken de 1,5 en 4 ton tegoede fan Beintema. It giet ûnder oare om in materiaalferhierder, in befeiligingsbedriuw en in boubedriuw. Beintema seit dat relasjonele problemen de reden binne dat hy syn rekkens net betelje kin, mar dat er elke sint werom betelje sil.

De trije bedriuwen fan Beintema binne fallyt ferklearre, mar doel is dat de hoarekabedriuwen diskoteek Quatrebras en brassery de Breedstraat yn Dokkum, wol gewoan iepen bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)