Dokkumer mavo wurdt wensoarchkompleks

26 nov 2014 - 09:54
  • Ferbouwing mavo Dokkum nei wensoarchkompleks

De ferbouwing fan de eardere mavo oan de Stasjonswei yn Dokkum begjint woansdei. Yn de skoalle komt in wensoarchkompleks mei 25 apparteminten. Deputearre Konst, boargemaster Waanders en Talant-direkteur Etso Pier jouwe it offisjele startsein.

It wensoarchkompleks kostet goed 1,7 miljoen en wurdt mei mooglik makke troch jild út de regeling Urginte projekten út it Oanfalsplan Wenningmerk. De projektûntwikkelers krigen dêr 350.000 euro út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)