Dokkumer man fermist

07 sep 2006 - 11:41

Yn Dokkum wurdt sûnt snein in man fermist. De 85-jierrige Tsjibbe Bouma sette depressyf ôf fan syn hûs oan de Heldersstrjitte. Hy hie de fyts by him. Sûnt dy tiid is neat mear fan him heard.

Bouma is in smelle man, hat griis achteroerkaamd hier en in bril mei in dik montuer op. Hy riidt op in âlde manljusfyts mei swarte fytstassen. Dy't wat wit, kin belje mei de plysje: 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)