Dokkumer knaap slacht portier

18 maaie 2014 - 12:09
  • Geweld

Yn Dokkum is yn de nacht fan sneon op snein in 19-jierrige ynwenner oppakt omdat hy in portier mishannele hie en plysjemannen misledige. Dat barde nei wat opskuor yn it sintrum fan de stêd. Dêr wiene meardere plysjeminsken dy't troch de 19 jierrige Damwâldster misledige waarden. Nei de oanhâlding melde de portier him om oanjefte te dwaan fan mishanneling. De jongeman is fêstsetten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)