Dokkumer kanon oerdroegen oan learlingen Boumaskoalle

19 jan 2015 - 16:07
  • Learlingen sille dit kanon út 1800 opknappe

Ien fan de kanonen op it Bolwurk yn Dokkum wurdt de kommende moannen opknapt troch learlingen fan de J.J. Boumaskoalle yn Dokkum. It kanon út 1800 is bot fertutearze. Benammen it ûnderstel is der min oan ta. Sa is it houtwurk ferrotte en mist ien fan de tsjillen. De learlingen sille in nij ûnderstel meitsje fan hout en metaal. Dêr sille se oant de simmer mei dwaande wêze.

Moandei kamen de learlingen nei de gemeentewerf om it kanon op te heljen en doe kamen nochris twa kanonnen oan it ljocht. Mooglik wurde dy letter ek opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)