Dokkumer huzen krije histoaryske namme werom

08 sep 2015 - 22:46
  • Piet de Haan

Rom 80 huzen yn it sintrum fan Dokkum krije mooglik harren âlde histoaryske namme werom. De feriening Ald-Dokkum ûndersiket dêrfoar de mooglikheden. De feriening hie de winsk al langer, mar in soad nammen fan de huzen wiene yn de tiid ferlern gien. Boppedat wie fan de nammen net bekend by hokker huzen se hearden. Amateur-ûndersiker Piet de Haan hat in healjier lang yn it streekargyf fan Dokkum sitten om út te sykjen hokker huzen by hokker nammen hearden.

Derneist hat er fan alle huzen binnen de âlde bolwurken achterhelle wa't dêr tusken 1711 en no wenne hawwe. De feriening Ald-Dokkum sil no ûndersykje oft en hoe't de nammen wer weromkomme kinne op de huzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)