Dokkumer Hoekstra ynformateur

16 apr 2003 - 00:00

De formaasje fan in nij kabinet CDA en VVD krijt in Frysk tintsje. Keninginne Beatrix hat tiisdei Rein Jan Hoekstra beneamd as ien fan de ynformateurs. Hoekstra waard yn 1941 berne yn Dokkum.

Hoewol't er al op 4-jierrige leeftyd nei Stadskanaal ferhuze, is Fryslân altyd yn byld bleaun. Under oare as er op besite gie by pake en beppe yn Burdaard. Neist CDA'er Hoekstra is ek VVD'er Korthals Altes beneamd as ynformateur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)