Dokkumer flaggen tige populêr

15 apr 2013 - 19:01
  • Spesjale flage Beatrix en Willem-Alexander

De Dokkumer Vlaggen Centrale draait oeroeren. Dat komt troch de grutte fraach nei de kroaningsflagge. Dêr binne sûnt de presintaasje fan de flagge ein jannewaris al mear as 75.000 eksimplaren fan ferkocht.

It ûntwerp fan de flagge is útgroeid ta in nasjonaal byldmerk foar de ynhuldiging fan Willem-Alexander ta kening. It byldmerk wurdt ek brûkt foar bygelyks mokken, ûndersetters en mûsmatten. De tradisjonele Nederlânske flagge mei read, wyt en blau is ek populêr.

Neffens direkteur Robert-Jan Hageman fan it Dokkumer flaggefabryk giet it om in ferdûbeling fan it tal bestellings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)