Dokkumer fêst om eksplosiven

11 maaie 2011 - 19:56

In 38-jierrige man út Dokkum is woansdeitemiddei oanhâlden om't hy eksplosiven en munysje yn syn wenning oan de Boterbloemstrjitte bewarre. It giet om eksplosiven út de Twadde Wrâldoarloch. De spullen binne yn beslach naam en krekt bûten Dokkum troch de EOD ta ûntploffing brocht. De Dokkumer sit noch fêst.

De man is yn 2006 yn Damwâld ek al oanhâlden om't hy eksplosiven yn syn hûs bewarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)