Dokkumer fertochte deadlike oanriding bliuwt langer fêst

07 apr 2016 - 19:55
  • Dizze foto waard koart nei de oanriding makke

De 81-jierrige Dokkumer dy't op 21 maart syn stedgenoat fan 80 jier dearied, bliuwt noch 90 dagen langer fêstsitten. Dat hat it Iepenbier Ministearje tongersdei besletten. De man wurdt fertocht fan moard of deaslach.

De fertochte ried op de Wâlddyk it slachtoffer fan de fyts, dy oerlibbe de klap net. De dieder naaide earst út, mar melde him letter sels op it plysjeburo. De beide manlju hiene al mear as 35 jier in konflikt mei-elkoar, yn dy tiid soe de fertochte syn slachtoffer geregeld bedrige hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)