Dokkumer fan fyts lutsen en mishannele

29 jul 2015 - 13:33

In 23-jierrige Dokkumer is yn de nacht fan tiisdei op woandei mishannele troch fjouwer manlju. It slachtoffer fytste op de Tsjerkestrjitte, doe't er troch de manlju fan syn fyts lutsen waard. De Dokkumer foel mei syn gesicht op strjitte.

Wylst er op de grûn lei, krige er klappen en skoppen. It slachoffer hat troch de mishanneling skea oan it gebit, blauwe plakken en skaafplakken oprûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)