Dokkumer dea yn de auto

29 jan 2011 - 11:18

In 21-jierrige man út Dokkum is ôfrûne nacht ferstoarn yn in auto. Twa plakgenoaten fan 32 en 34 jier wurde op it plysjeburo heard oer de saak. It slachtoffer hie mei dizze beide manlju op stap west yn Ljouwert. Werom yn Dokkum bleau de 21-jierrige Dokkummer yn de auto sitten, syn freonen giene yn 'e hús. Doe't se om trije oere by him seagen, reagearre hy net mear.

Yn it sikehûs die bliken dat de man al ferstoarn wie. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de tadracht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)