Dokkumer botst mei drank op

25 apr 2013 - 10:46
  • Plysje-embleem

In 37-jierrige man út Dokkum is woansdeitejûn op de bon gien, omdat er mei drank op in oanriding feroarsake hie. De man ried al slingerjend oer de Lauwersseewei yn de rjochting fan Rinsumageast. Hy kaam op de oare helte fan de dyk en botste dêr tsjin de auto fan in man út Kollumerlân. Beiden rekken net ferwûne.

De man út Dokkum moast blaze en dat makke dúdlik dat er tefolle dronken hie. De man is oanhâlden en syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)