Dokkum wol mear wettersport

10 mrt 2011 - 22:22
  • De brêgen moatte omheech om de wettersporters temjitte te kommen

In miljoene-ynvestearring moat Dokkum op de kaart sette as wettersportstêd. Foar dat jild moatte ûnder oare brêgen ophege en oanlisplakken oanlein wurde. Sa moatte de boatsjeminsken op mear plakken yn de stêd telâne kinne en moat it boppedat oanlokliker wurde om nei Dokkum ta te kommen. Fierders soene der nije farrûtes makke wurde moatte en is der ferlet fan terrassen oan it wetter.

It jild foar de plannen moat benammen by ûndernimmers wei komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)