Dokkum set fertreksintrum troch

01 apr 2004 - 00:00

It gemeentebestjoer fan Dongeradiel set de plannen foar it fertreksintrum foar útprosedearre asylsikers troch. Op dit stuit wurdt wurke oan in riedsfoarstel dat yn maaie yn de gemeenteried bepraat wurde sil.

Yn Eindhoven soe ek in fertreksintrum komme, mar de gemeente hat besletten der net oan mei te wurkjen fanwege praktyske en prinsipiële beswieren. Ek yn Dongeradiel wie in protte ferset tsjin it útsettingsbelied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)