Dokkum pakt leechstân oan

08 nov 2013 - 10:47
  • Allinnich yn Dokkum is it tal hoarekasaken ôfnaam

Dokkum is dwaande de leechsteande winkels yn de binnenstêd in nije bestimming te jaan. Makelders, winkeleigeners, de ûndernimmingsferiening en de gemeente wurkje gear om in nije ynfolling oan de winkels te jaan yn it projekt Alle Romte. Lege hierprizen, geunstige keapprizen en koarte proefperioaden moatte startende winkeliers helpe. Besteande winkeliers kinne help krije foar bygelyks in geskiktere lokaasje.

De leechstân is ûntstien troch de krisis en de opkomst fan ynternetwinkeljen. Dokkum hat ek in soad winkels bûten it sintrum krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)