Dokkum makket him op foar peaskespektakel 'Hemelse Liefde'

24 mrt 2016 - 20:35

Yn Amerfoort hawwe se de Passion, yn Dokkum hawwe se harren eigen peaskespektakel: Hemelse Liefde. It stik wurdt snein- op earste peaskedei - útfierd. Tongersdei wie de generale repetysje foar it iepenloftspul, dat útfierd wurdt yn de Bonifatiustún en yn de Bonifatiuskapel.

Hemelse Liefde is makke troch tsien Dokkumer tsjerken en is net in gewoan iepenloftspul. It publyk rint by tsien sênes del, dy't 56 kear spile wurde foar yn totaal in lytse 1700 minsken.

De earste 1400 kaarten wiene hiel rap útferkocht. Der is doe besletten om 260 ekstra kaartsjes beskikber te stellen. Ek dy wiene yn rap tempo fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)