Dokkum krijt opslachsintrum

25 feb 2005 - 14:18

Makelder Van Dijk hat in oplossing foar it fêstrinnende frachtferkear yn de binnenstêd fan Dokkum. Van Dyk wol oan de râne fan de stêd in opslachsintrum bouwe. Grutte frachtweinen leverje dêr har guod ôf. Meiwurkers fan Oostergo bedrijven bringe it dêrnei mei lytse auto's de stêd yn.

Yn earste ynstansje is der yn it sintrum romte foar 20 bedriuwen. De belangstelling is yntusken sa grut dat it sa goed as wis boud wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)