Dokkum krijt binnenstêdmanager

21 des 2012 - 11:37
  • Allinnich yn Dokkum is it tal hoarekasaken ôfnaam

Dokkum krijt in binnenstêdmanager. Dy moat mei de ûndernimmers, de eigners fan gebouwen, de stifting stedsmarketing en de gemeente oan de slach om de sterke punten fan it sintrum noch better op de kaart te setten. Dan wurdt foaral sjoen nei de útstrieling en de struktuer fan de binnenstêd, de promoasje en it parkearbelied. De binnenstêdmanager moat him of har ek stoarte op it nije winkeljen. Minsken oriïntearje har hjoeddedei earst op ynternet op wat se keapje wolle.

De klant moat dêrom oars benadere wurde, bygelyks fia sosjale media, of fia in digitaal platfoarm fan de ûndernimmers mei-inoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)