Dokkum beslút ein maart oer ûntwerp foar fontein op De Merk

16 feb 2016 - 22:04
  • It ûntwerp foar de fontein yn it sintrum fan Dokkum

De gemeenteried fan Dongeradiel beslút ein maart oft keunstner Birthe Leemeijer in nij ûntwerp meitsje mei foar in fontein op De Merk yn Dokkum. Har eardere ûntwerp foar in fontein rôp in soad wjerstân op en wurdt net útfierd.

Sa binne ûndernimmers yn 'e stêd benaud dat der op De Merk te min parkearplakken oerbliuwe en te min romte foar eveneminten. De ôfrûne tiid is der yn meardere byienkomsten praat oer it ûntwerp, tiisdeitejûn waarden de útkomsten dêrfan foarlein oan sa'n 150 belangstellenden.

Dêr waard ek dúdlik dat de keunstner graach oanpassings oan it ûntwerp dwaan wol, mocht de gemeenteried dêr ta beslute.

De fontein yn Dokkum makket diel út fan it projekt Eleven Fountains fan Kulturele Haadstêd. Alle alve stêden fan Fryslân krije in fontein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)