Dok Kuipers net ferkocht

17 sep 2007 - 10:11

De ferkeap fan it skipsdok fan Kuipers yn Wâldsein foar de bou fan lúkse miljoenejachten giet net troch. It dok soe ferkocht wurde oan in partij dy't dêr de megajachten bouwe woe, mar dy is ôfheakke.

It dok wie noch net beskikber om't der noch in skip ôfboud wurdt. Der soene tsien meiwurkers fan Kuipers mei nei de nije eigner, mar foar harren is ferfangend wurk fûn. It dok is no ek net mear te keap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)