DOK Harns ticht foar publyk

05 maaie 2014 - 21:00
  • Cruiseskip

It DOK yn Harns is tiisdei fan sân oere ôf ticht foar publyk. It hat te krijen mei de oankomst fan in lúks, bûtenlânsk see-cruiseskip dat yn de haven fan Harns oanleit.

It is foar it earst yn de skiednis dat sa'n cruiseskip yn Harns komt. Nei alle gedachten komt it 115 meter lange skip oan 'e begjin fan de middei oan by de kade fan it DOK. Omdat it om in ynternasjonale cruise giet, wurdt it stikje haven sletten foar publyk en de passazjiers moatte troch in dûanepost om yn de stêd te kommen.

It skip komt fan Hamburg en set midden yn de nacht ôf nei Teksel. Spesjaal foar de toeristen op it skip binne de winkels en it museum tiisdeitejûn iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)