'Dok 18' namme Dokkumer teater

25 apr 2008 - 14:38

It nije teater yn Dokkum krijt de namme 'Dok 18'. Dat nije teater wurdt ûnderbrocht by partysintrum Colosseum. De teaterfreonen fan de IIsherberch en de Kulturele Kommisje ha foar de namme in priisfraach organisearre dêr't 100 minsken op reagearren.

De earste trije letters ferwize nei Dokkum. 18 is it hûsnûmer fan it teater. Neffens de kommisje is it in moderne namme dy't goed oanjout dat der in ferskaat oan kulturele saken te sjen is yn it teater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)