Dôfhûdige stappers oppakt

22 des 2002 - 00:00

In groep stappers hat sneontenacht foar problemen soarge yn Drachten. Se waarden in kafee útset om't se oan it narjen wiene. By de folgjende kroech mochten se der ek net yn. Se wiene sa lilk dat se mei de portiers op 'e fûst giene.

De plysje moast yngripe en hâlde trije manlju fan 'e Harkema, Drachten en Bûtenpost oan. Dêrby moasten de plysjes pepperspray brûke. Ek moat in plysjehûn yn aksje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)