Dôfhûdige posterplakker

10 aug 2011 - 10:33

De plysje hat op It Hearrenfean foar de fjirde kear in man oppakt fanwege it yllegaal plakken fan posters. Hy waard woansdei betrape doe't er yn it sintrum oan it plakken wie. De man is meinaam nei it buro. Omdat it de fjirde kear is, sil er ûndersocht wurde troch in dokter fan de GGZ.

Ek wurdt oerlein mei it iepenbier ministearje en de gemeente oer wat foar maatregels der naam wurde kinne om de posterplakker oan te pakken. It giet om in man (42) út Nijhoarne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)