Dôfhûdige man rekket auto kwyt

17 jun 2009 - 09:48

In dôfhûdige automobilist út Overschild yn Grinslân is tiisdeitemiddei by Snits oant twa kear ta oanhâlden. De man waard earst oan de kant set om't hy mei 134 kilometer oer de rûnwei rydt, wylst 80 dêr it maksimum is. Hy moast doe syn rydbewiis ynleverje.

In kertier letter seach de plysje de man dochs wer riden, dit kear op de A7. Hy waard op 'e nij oanhâlden. Dit kear waard syn auto yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)