Dôfhûdige drankrider auto kwyt

01 maaie 2010 - 14:06

In dôfhûdige drankrider út Ossenzijl is freedtenacht yn Wolvegea syn rydbewiis en syn auto kwytrekke. De man waard troch de plysje op de Hoofdstraat-West trapearre op riden mei drank op. Syn rydbewiis waard ynnaam. Nettsjinsteande it feit dat de man net mear ride mocht, seach de plysje him letter dochs wer riden. Doe is de auto fan de man ek ynnaam.

Om't de man earder oppakt is foar it riden mei drank op wurdt syn rydbewiis mooglik ûnjildich ferklearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)