'Doel subsydzjes oanjaan'

17 okt 2011 - 11:10

De gemeente Ljouwert hat gjin idee wat it effekt is fan subsydzjes oan ferienings en ynstellings. Dat seit de rekkenkeamer fan Ljouwert. Dy hat ûndersyk dien nei de subsydzjes yn de gemeente. Dit jier jout de gemeente 44,3 miljoen euro út.

De gemeente moat yn it foar better oanjaan moat wat it doel is fan in subsydzje en hoe't it effekt metten wurde kin. De rekkenkeamer is in ûnôfhinklike kommisje dy't ûndersiket hoe't de gemeente mei de sinten omgiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)