Doel minder ôffal mislearret

14 nov 2012 - 12:13

It doel om yn Fryslân in kwart minder ôffal te produsearjen yn 2015 wurdt net helle. Dat sei deputearre Sietske Poepjes woansdei op in symposium oer ôffal yn Ljouwert. Dat wie organisearre troch de provinsje en ôffalferwurker Omrin. De ynset om de oanfier fan ôffal mei 25 prosint te ferminderjen is yn 2008 troch Provinsjale Steaten fêststeld. It liket der op dat de Friezen tusken de 12 en 15 prosint minder ôffal produsearje. Minsken en bedriuwen moatte oars tinke om wat oan de ôffalberch te dwaan, seit Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)