Doeksen wol kompensaasje

02 maaie 2013 - 15:26
  • De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen

Doeksen wol kompensaasje ha fan de ryksoerheid foar it ferlies oan ynkomsten troch de komst fan konkurrint EVT. Yn in brief oan steatssekretaris Mansfeld fan Ynfrastrukteur en Miljeu skriuwt direkteur Melles dat sûnder dy kompensaasje de takomst fan de rederij yn gefaar komt.

Neffens Melles hat Doeksen allinnich yn 2012 al 3 miljoen euro ferlern troch de konkurrinsje. De EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling, fart allinnich yn it heechseizoen, wylst Doeksen ferplichte is om it hiele jier te farren op Skylge en Flylân.

Komt de steatsekretaris net mei jild oer de brêge dan wol Doeksen skrasse yn de tsjinstregeling yn de wintermoannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)