Doeksen wol frachtskip útwreidzje mei diel foar passazjiers

20 apr 2015 - 15:32
  • MS Noord-Nederland

Rederij Doeksen hat sân skipswerven útnoege om in offerte út te bringen foar de ferbouwing fan it frachtskip MS Noord-Nederlân. It giet om seis werven út it noarden en ien út it westen fan it lân. Doeksen wol it frachtskip mei tweintich meter ferlinge en geskikt meitsje foar twahûndert passazjiers.

Boppedat moat it sa ferboud wurde dat it skip op grien gas farre kin. De werven hawwe oant seis maaie de tiid om te reagearjen. Twa wiken letter makket Doeksen dan bekend wa't it skip ferbouwe mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)