Doeksen wiis mei beslút keamer

28 maaie 2008 - 14:07

Rederij Doeksen is bliid mei it beslút fan ´e Twadde_Keamer om de kommende 15 jier gjin konkurrinsje ta te stean by de feartsjinsten nei de Waadeilannen. Dat betsjut dat de EVT, de Eigen_Veerdienst_Terschelling, net farre mei. It bedriuw mei dat de kommende acht moannen noch wol, omdat de nije wetjouwing noch net klear is.

De EVT hat al oankundige beswier oan te tekenjen tsjin it beslút fan de Twadde Keamer, mar neffens direkteur Mellens fan Doeksen hat dat gjin doel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)