Doeksen skrast ferskate ôffearten nei Waadeilannen

29 nov 2015 - 11:11
  • De fearboaten fan Rederij Doeksen yn de haven fan Skylge

Troch de ferwachte súdwesterstoarm en de hege wetterstannen, komme snein ferskate ôffearten fan de fearboaten fan en nei de Waadeilannen te ferfallen. Seis ôffearten fan de sneltsjinst fan en nei Flylân binne skrast, sa makke rederij Doeksen bekend. Fierder binne de tiden yn de tsjinstregeling fan en nei Skylge oanpast.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)