Doeksen past tsjinstregeling oan fanwege stoarmwaar

09 des 2014 - 14:12

It ferwachte stoarmwaar yn kombinaasje mei heech wetter makket dat rederij Doeksen woansdei in oantal boaten op oare tiden farre lit. It giet ûnder oare om de earste boat fan Harns nei Skylge. Dy fart net om 09.45 oere, mar om 11.15 oere.

Letter op de dei ferfalle ûnder oare de sneltsjinsten fan en nei Flylân. De oanpaste tsjinstregeling is te finen op de webside fan rederij Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)