Doeksen past tsjinstregeling foar sneon oan

27 nov 2015 - 16:18
  • De rappe boat fan Doeksen

Rederij Doeksen hellet sneon oan de ein fan de middei en it begjin fan de jûn de sneltsjinst út de feart, fanwege de ferwachte waarsomstannichheden. It giet om de sneltsjinst fan Harns nei Flylân en fan Skylge oer Flylân nei Harns.

Der giet in ekstra fearboat om fiif oere middeis fan Flylân nei Harns en om sân oere jûns fan Harns nei Flylân. De feartsjinsten fan en nei Skylge geane gewoan troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)