Doeksen past opnij de tsjinstregeling oan fanwege stoarmwaar

10 des 2014 - 15:55
  • De sneltsjinst fan Rederij Doeksen

Rederij Doeksen past tongersdei opnij de tsjinstregeling oan. Oanlieding is de ferwachte stoarm yn kombinaasje mei it hege wetter. De rederij lit de sneltsjinsten nei Flylân en Skylge ferfalle en ferfangt dy troch ôffearten fan de gewoane boat.

Mear ynformaasje oer de oanpaste tsjinstregeling is te finen op de webside fan rederij Doeksen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)