Doeksen past de wykeinfeartsjinsten oan fanwege it waar

16 jan 2016 - 11:58
  • De rappe boat fan Doeksen

Yn ferbân mei de waarsomstannichheden fart de sneltsjinst fan en nei Flylân dit wykein (16 en 17 jannewaris) net. De sneltsjinst fan en nei Skylge fart gewoan neffens de tsjinstregeling.

De tsjinst fan 17:25 oere fan Harns nei Flylân, dy fan 18:20 oere fan Skylge nei Flylân en dy fan 18:55 fan Flylân nei Harns ferfalle alle trije. Der wurde hjoed ekstra feartsjinsten ynset. Om 17.00 oere is der in ekstra feartsjinst fan Flylân nei Harns en om 19.00 oere is der in ekstra tsjinst fan Harns nei Flylân.

Snein:
Skylge - Flylân 08.30 oere ferfalt
Flylân - Harns 09.10 oere ferfalt
Harns - Flylân 10.15 oere ferfalt
Flylân - Skylge 11.10 oere ferfalt

Der wurde twa ekstra feartsjinsten ynset:
Flylân - Harns 06.45 oere
Harns - Flylân 09.00 oere

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)