Doeksen noeget fakbûn út foar earste oerlis

22 maaie 2015 - 13:48
  • Fearboat fan Doeksen

Rederij Doeksen noeget it fakbûn CNV út foar technysk oerlis. Dat moat nije ûnderhannelings opsmite oer de cao foar de 140 wurknimmers. De rederij en de fakbûnen sitte al in skoft yn in cao-konflikt. Ofrûne tiisdei rûn in ultimatum ôf fan it fakbûn FNV. Sy kundigen aksjes oan. Kommende woansdei rint it ultimatum fan it oare fakbûn CNV ôf.

Foar de wurknimmers fan rederij Doeksen is it in ûnwisse tiid. De rederij sit sa flak foar de pinksterdagen ek net te wachtsjen op stakings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)