Doeksen: Nij rêdingssysteem op fearboat wurket goed

17 des 2015 - 13:54
  • De test op fearboat De Friesland
  • By de test waarden 50 frijwilligers  sûnder problemen fan board helle

Rederij Doeksen hat tongersdei in nij rêdingssysteem test op fearboat De Friesland. It systeem bestiet út fjouwer opblaasbere flotten dêr't meielkoar 1.200 minsken op kinne. Fia in glydsbaan wurde passazjiers yn gefal fan need opfongen yn dizze boaten.

Doeksen hat 6 ton ynvestearre yn dit ferbettere evakuaasjesysteem, omdat neffens Doeksen benammen yn gefal fan brân toeristen sa gau as mooglik fan boat moatte.

De test ferrûn nei tefredenheid, 50 frijwilligers waarden sûnder problemen fan board helle. Dat betsjut dat De Friesland wer yn de feart kin en dat bart freed al. De boat is de ôfrûne moanne op de werf fan binnen en bûten renovearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)