Doeksen krijt Ekolabel

20 jun 2004 - 00:00

De groepsakkomodaasje fan Doeksen op Skylge krijt takom moanne it saneamde Europeesk Ekolabel útrikt. It is foar it earst dat ek toeristyske ûnderkommens dat label krije. It wurdt takend troch de stifting Miljeukeur.

It betsjut dat de akkomodaasjes it miljeu sa goed mooglik sparje. It label bestie al foar produkten lykas ferve, kompjûters en skuon. No kin it dus ek takend wurde oan hotels ensafuorthinne. Doeksen hat mei 4 oaren de primeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)