Doeksen ferliest klanten

03 aug 2012 - 11:34

Rederij Doeksen hat bot lêst fan konkurrint Eigen Veerdienst Terschelling (EVT). Doeksen ferfiert oant no ta fjirtichtûzen passazjiers minder as ferline jier. De EVT is sûnt 2008 konkurrint fan Doeksen troch ek te farren tusken Harns en Skylge. Alle jierren snobbet de EVT mear klanten ôf fan Doeksen.

Doeksen hat al wol tastimming krige foar de kommende fyftjin jier. De EVT makket dêr beswier tsjin. As de EVT gjin gelyk kriget, moatte se ophâlde mei farren tusken Harns en Skylge. Ein dit jier is de definitive útspraak.

Mocht de delgong yn it tal reizgers trochsette, dan lit Doeksen winterdeis mooglik minder skippen nei Skylge en Flylân farre. Neffens direkteur Melles moat Doeksen krekt yn de simmer it jild fertsjinje om de boaten yn de winter ek farre litten te kinnen. Mocht der te min jild ynbard wurde, dan moat der mooglik yn de tsjinstregeling skrast wurde.

De EVT fynt it ûnsin dat sy de skuld krije dat it min giet mei Doeksen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)