Doeksen en fakbûnen ûnderhannelje wer oer cao

27 maaie 2015 - 11:20

Rederij Doeksen en de fakbûnen binne wer yn petear oer in nije cao. Dêrmei binne aksjes fan meiwurkers foar bettere leanen en wurkroasters foarearst fan de baan. De rederij en de fakbûnen kamen der earder net út, wêrnei't de bûnen de rederij in ultimatum stelden. Dat ultimatum is no fan de baan, nei't Doeksen mei nije foarstellen kaam. Oer dy foarstellen wurdt no praat.

Der binne woansdei wol aksjes by rederij Wagenborg. Twa fearboaten tusken Lauwerseach en Skiermûntseach falle dêrom út. Ek dêr wolle de meiwurkers in bettere cao.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)